Beschrijving
Sam en Julia, de twa mûzebern dy’t wy al kenne út it earste, suksesfolle boek fan Karina Schaapman en oer-setter Mindert Wijnstra, belibje nije aventoeren yn Sam & Julia yn it teater. Sam krijt in nije freondintsje – wat Julia net echt SUPERleuk fynt – en mei syn trijen meitsje se in foarstelling foar it teater. Mar der bart noch folle mear: Sam fynt bygelyks in hiele seldsume moaie stien… Wat soe dat no wêze?
De mûzebern geane op besite by in ECHTE keunstner. Al lêzendewei sjogge wy wer in hiel soad nije keammerkes fan it mûzehûs.
De parse wie SUPERentûsjast oer it earste boek: ‘Net earder waard der foar bisten sa’n moai nêst boud as It Mûzehûs fan Karina Schaapman,’ skreau NRC-Handelsblad. En Trouw fûn: ‘Komselden hie in debútprinteboek sa’n fleanende start.’
Oersettings fan dat boek ferskynden yn mear as tsien lannen, ûnder mear Japan, Korea en Australië. Boppedat waard de útjefte bekroand mei de Zilveren Penseel.
Productinformatie
- Soort
Met illustraties
- Taal
Fries
- Afmetingen
15x312x268 mm
- Gewicht
768,00 gram
- Geschikt voor
3 jaar en ouder
- Druk
1
- ISBN10
9033002663
- ISBN13
9789033002663
- Product breedte
268 mm
- Product hoogte
15 mm
- Product lengte
312 mm
Extra informatie
Titel | |
---|---|
Levertijd | |
Release Datum |